nederlands frysk deutsch english français espagnol svenska

Wolkom op de hûsside fan Anton en Fennie van der Ploeg

Us Wenhûs

Flechten in'e simmer

Flechten in'e winter

Twa hânmjittich fuorre Fûgels (Müllers amazones)

Nei't wy earst begûn binne mei it kweekjen fan lytsere parkitesoarten en dwerchpapegaaien, hawwe wy ús sûnt 1984 rjochte op it kweekjen fan gruttere papegaaien.

Wy wenje yn Aldegea (by Drachten), oan de râne fan it natoergebiet "Alde Feanen" yn de provinsje Fryslân, op in eartiidske buorkerij. De kowestâl fan 10 by 20 meter is alhiel ynrjochte foar ús papegaaien. De skuorre wurdt omfieme troch 33 bûtenflechten, dy't allegearre in eigen binnendiel hawwe. Dêrnjonken hawwe wy yn'e skuorre noch sa'n 25 binnenflechten boud.

It grutste part fan ús fûgels bestiet út Amazonepapegaaien, mar wy hawwe ek soarten út lannen as Austraalje, Afrika en Yndoneezje.

Om't wy net finansjeel ôfhinklik binne fan de fûgels, beskôgje wy ús sels noch hieltyd as leafhawwers. Dat betsjut foar ús dat wy yn begjinsel de fûgels sels harren jongen grutbringe litte en allinnich yn needgefallen ta it hânmjittich fuorjen oergeane.

Yn prinsipe jouwe wy ús jonge fûgels ek net ôf foar it isolearre hâlden as hûsbist yn in koai yn'e hûs.

De papegaaien nimme in grut part fan ús frije tiid yn beslach, foaral yn de briedtiid. Wy wolle fansels ek net oars! Wy wolle ús kennis graach diele mei oare papegaaieleafhawwers. As jo dan ek fragen hawwe oer jo papegaai(en), wolle wy graach besykje jo in nuttige rie te jaan. Ek as jo in papegaai sykje of jo papegaai (op in ferantwurde wize) kwyt wolle dan kinne wy jo mooglik de helpende hân biede.

Twifelje yn dat gefal net ús in "eameltsje" ta te stjoeren.

Anton en Fennie van der Ploeg

A v.d. Ploeg
Gealânswei 2
9126 XX Oudega
tel. 0512 371253 of 0512 372853
E-Mail: antonpap@xs4all.nl


Last update: 24 Augustus 2001 E-Mail: antonpap@xs4all.nl